Nominaasje foar Saailân
It Wilhelminaplein yn Ljouwert is ien fan de trije kandidaten foar de priis foar bêste iepenbiere romte fan it jier. De gemeente moat it plein, dat ferline jier oplevere waard, op 30 oktober oan in sjuery presintearje. Yn desimber wurdt bekend oft it ek echt de priis wûn hat.
De Award Beste Openbare Ruimte wurdt dit jier foar de fyfde kear útrikt.