Aris pakt Weert mei ien punt

16 okt 2013 - 06:17

Basketbalklup Aris fan Ljouwert hat tiisdeitejûn in spektakulêre oerwinning helle yn de útwedstriid yn Weert. De hiele wedstriid rûn Aris achter de feiten oan, trochdat de ferdediging net goed wie. Mei noch in pear minuten te gean stie Aris noch 12 punten achter. Doe kaam de ynhelrace en mei in pear trijepunters fan Tim Kamczyc en Darius Theus kamen se tichterby.

Mei noch in heale minút te gean wie de achterstân wer seis punten. Yn in knotsgekke einfaze slagge Aris der úteinlik yn om mei ien punt ferskil te winnen. Einstân 90-91 foar Aris.

Troch de spektakulêre ynhelrace pakte Aris net allinnich de winst mar ek in nij Nederlânsk rekôr. Mei 13 punten yn 48 sekonden ferbetteren se it âlde rekôr fan 12 punten yn 57 sekonden.

Kommende tiisdei spilet Aris thús tsjin Den Helder.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)