Scootmobyl werom troch tip

15 okt 2013 - 18:39

Troch in tip hat de plysje de stellerij fan in scootmobyl yn Drachten oplosse kinnen. In bewenner fan Oerterp seach tiisdei twa jonges dwaande mei de scootmobyl. Omdat er it fermoeden hie dat de twa it ferfiermiddel stellen hiene, belle er de plysje. Doe't dy oankaam naaiden de jonges út en lieten de scootmobyl achter. Dy blykte eigendom te wêzen fan in 67-jierrige Drachtster, dy't der fanwege in sykte ôfhinklik fan is.

De scootmobyl wie nachts stellen út de skuorre fan de man. Dêr stiet er yntusken wer. De jonges binne noch net fûn.

Trefwurden: 
scootmobyl stellen tip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)