Provinsje wol fytser beskermje

15 okt 2013 - 17:20

Ferline jier binne der foar it earst mear fytsers as automobilisten omkommen yn it Fryske ferkear. Mei-inoar ferûnglokken tolve fytsers en acht automobilisten op de Fryske diken. De provinsje wol no mei faasje maatregels nimme dy't de feiligens foar de fytser ferbetterje.

Ferskate gefaarlike fytspunten wurde takom jier oanpakt. Sa komt der by Rûgahuzen in nij fytsoerstekplak by de provinsjale dyk N359, de Westergowei. De oerstek by Ryptsjerk wurdt ek feiliger makke foar fytsers.

De maatregels stean yn it útfieringsprogramma Ferkear en Ferfier 2014, dat de provinsje tiisdeitemiddei presintearre. Njonken feilige diken wol de provinsje ek farwegens en spoarlinen feiliger meitsje moatte yn ús provinsje.

Trefwurden: 
Sietske Poepjes Fryslân fyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)