Mansveld wol fan EVT ôf

15 okt 2013 - 16:05
  • Fearboat Spathoek fan EVT

De EVT mei net langer persoanen en guod ferfiere nei Skylge. Dat hat steatsiktaris Mansveld fan ynfrastruktuer besletten. De steatssekretaris komt ta it beslút omdat de EVT foar te folle konkurrinsje foar rederij Doeksen soarget. Dy fertsjinnet dêrtroch te min om it hiele jier troch it ferfier nei Skylge en Flylân te dwaan.

Doeksen kundige dêrom koartlyn oan de tsjinstregeling yn de winter bot te fersoberjen troch ôffearten op te heffen. Dat giet no net troch.

De EVT is net fan doel him del te lizzen by it beslút fan steatssekretaris Mansveld dat op 1 febrewaris yngiet. Neffens wurdfierder Erwin Rob is it beslút net goed ûnderboud en yn tsjinspraak mei it belied fan de Europeeske Kommissje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)