Offinsyf tsjin ynbraken

15 okt 2013 - 13:18

De plysje Noard-Nederlân jout de kommende moannen ekstra omtinken oan it foarkommen fan ynbraken, oerfallen en berôvings. Yn it Donkere Dagen Offensief wurde ekstra plysjeminsken ynset om soksoarte kriminaliteit tsjin te gean.

Mei it koarter wurden fan de dagen nimt it tal ynbraken en oerfallen faak ta. De plysje wol de minsken dêrfoar warskôgje. Der wurdt ûnder oare ekstra surveilleard. Der binne ek mear ferkearskontrôles en de plysje hâldt previnsje-aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)