Polderhoofdkanaal foar Ried fan Steat

15 okt 2013 - 12:18

In busfol ynwenners fan Nij Beets en De Feanhoop is ûnderweis nei Den Haag foar in sitting fan de Rie fan Steat oer it Polderhoofdkanaal. De measte ynwenners fan de doarpen wolle graach dat de iepening fan it kanaal trochgiet, mar in tal beswiermakkers hâldt dat tsjin. Dat soarget foar in konflikt dat no al jierrenlang duorret en ferskate rjochtsaken ta gefolch hân hat.

Op de sitting wurdt praat oer de ûntheffing dy't de steatssekretaris jûn hat oan de gemeente Opsterlân om it kanaal wer befarber te meitsjen.

It giet om in ûntheffing fan de floara- en faunawet foar in trijetal beskerme bistjes. Twa ynwenners hawwe dêr beswier tsjin makke. Fierders giet de sitting oer twa nije brêgen. Guon ynwenners fan De Feanhoop hawwe dêr beswier tsjin makke. De brêgen soene net yn it lânskip passe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)