'Houkesleat kin folle moaier'

15 okt 2013 - 12:11

De Houkesleat tusken Snits en de Snitsermar soe in wetterbûlevaar wurde moatte, dêr't wettersporters oanlizze kinne en Snitsers en toeristen noflik kuierje kinne. De realiteit is oars: De Houkesleat is foar in grut part net-tagonklik, boatsjes kinne der net oanlizze en der stean in soad stekken.

Buro Noordpeil út Snits fynt dat der wat barre moat en hâldt dêrom tiisdeitejûn in brainstoarmjûn om ideeën te sammeljen foar Houkesleat en omjouwing. Omdat de gemeente Súdwest-Fryslân net folle jild hat, giet it om partikulier inisjatyf.

Der hawwe har al sechtich oant santich minsken opjûn foar de brainstoarmjûn oer de Houkesleat. Dat binne foar in grut part ûndernimmers, mar der sille ek jongeren meiprate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)