Wijing útsteld om ferealens

15 okt 2013 - 11:01

De wijing fan Sander Zwezerijnen ta pryster is útsteld, omdat er fereale is. Zwezerijnen waard yn juny op 24-jierrige leeftiid yn 'e Ljouwerter Bonifatiustsjerke ta diaken wijd. De prysterwijing soe begjin takom jier wêze yn Grins. Dat is no útsteld op fersyk fan de diaken sels. As reden wurdt neamd 'in krisis yn syn ropping' en 'de kar tusken it selibatêr prysterskip of it ynslaan fan in nije wei fan in relaasje dy't resultearje kin yn in houlik'.

In tal parochys hat in brief krige fan biskop De Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert.

Dêryn skriuwt de biskop dat er Zwezerijnen tiid fan besinning jout om in ferantwurde kar te meitsjen. Fierders ropt De Korte yn it brief op om foar de diaken te bidden. It brief is snein foarlêzen yn ferskate katolike tsjerken. Sander Zwezerijnen komt fan oarsprong út Drinte. Hy hat staazje rûn yn de Titus Brânsmaparochy yn Ljouwert en dêrfoar yn Dronryp, Frjentsjer, Sint Anne en Harns. Zwezerijnen woe sels net reagearje op de sitewaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)