Dúdlikens oer posysje Omrop

15 okt 2013 - 06:46

De provinsje moat garânsjes jaan dat Omrop Fryslân as selsstannige omrop bestean bliuwe kin. Dêr heart in strukturele bydrage fan 1 miljoen euro by. Dat fynt de steatefraksje fan Friese Koers.

De partij wol dat deputearre Jannewietske de Vries by de begruttingsbehanneling yn novimber, dúdlikheid jout. Neffens Friese Koers is it wichtich dat der in ein komt oan de ûndúdlikheid oer de takomst fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)