Twa ferwûnen troch brân

15 okt 2013 - 06:41

In fergetten pantsje mei iten op it fjoer hat moandeitejûn laat ta twa ferwûnen by in brantsje yn in wenning oan de Primulastrjitte op It Hearrenfean. In buorman hearde in reekmelder en warskôge de brânwacht. Doe't dy oankaam, stie de wenning al fol reek. De bewenners, in man en in frou, leine te sliepen. Yn it hûs wiene ek twa agressive hûnen. Dy waarden earst út it hûs weihelle. Dêrnei koene de beide bewenners derút helle wurde.

De bewenners hiene reek ynaseme. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
brân ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)