Bûtenlân wol Fryske boeken

14 okt 2013 - 22:39
  • Frysk yn de etalaazje op Buchmesse

Foar alle Fryske boeken dy't op de Frankfurter Buchmesse oanbean waarden is belangstelling toand troch bûtenlânske útjouwers. Dat seit Alpita de Jong, dy't yn opdracht fan de provinsje en it Nederlands Letterenfonds tsien Fryske titels nei de boekemerk brocht.

Mei twa Dútske útjouwers, in Súd-Afrikaanske, in Amerikaanske, in Hongaarske, in Frânske, in Spaanske en in útjouwer út Kroäsië binne ferfolchôfspraken makke foar in mooglike oersetting fan ien fan de Fryske boeken.

Neffens De Jong is dizze skoare boppe ferwachting, foaral omdat troch de krisis de measte útjouwers net al te gau tahappe. It wie foar it earst dat der foar de Fryske literatuer op dizze skaal kampanje fierd waard op in bûtenlânske fakbeurs. De Frankfurter Buchmesse is de grutste boekemerk fan de wrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)