N31 nei Harns noch lang ticht

14 okt 2013 - 21:16

De N31 is yn de rjochting Harns noch wol oant middernacht ôfsletten. Dat meldt de Verkeers Informatie Dienst. Earder moandei kantele op de dyk in frachtwein mei jirpels. De lading bedarre op de dyk. Boppedat lekte de auto oalje. Dy oalje is der no de oarsaak fan dat de ôfsetting langer duorret as oant njoggen oere, sa't earder de ferwachting wie. De oalje is ek yn 'e berm rûn en moat opromme wurde.

Ferkear kin sûnt it begjin fan de jûn al wol wer yn de rjochting fan de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
frachtwein N31 kantele
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)