Teaterstik yn it Ljouwerters

Stifting Mien Mooie Stad is dwaande mei de tarieding fan in teaterfoarstelling oer de Ljouwerter Aldehou. It stik sil opfierd wurde yn it Ljouwerters en is maaie takom jier trije kear te sjen yn De Harmonie yn Ljouwert. Der dogge sa'n 150 minsken oan mei en sy wurde regisearre troch acht regisseurs. De muzyk yn de foarstelling wurdt spile troch in live-band, ek wurdt der wurke oan grutte dekôrs.
De stifting wol de tagongspriis sa leech mooglik hâlde, dêrom wurdt der nei sponsors socht.