PvdA: ek flugge trein Ljouwert

De PvdA yn de steaten fynt dat de NS ek flugge treinen ynsette moat op it spoar tusken Swolle en Ljouwert. Koartlyn makke it bedriuw bekend treinen, dy't 200 kilometer yn de oere kinne, ride te litten fan Schiphol fia Swolle nei Grins.
De PvdA fynt dat it út wêze moat mei it foarlûken fan it spoar nei Grins. De partij wol dêrom dat ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer aksje ûndernimt.