N31 foar in diel wer iepen

14 okt 2013 - 18:53
  • In frachtwein mei jirpels kantele by Surch

Ien fan de rydstroken fan de N31 by Harns is moandeitejûn om healwei sânen wer iepengongen. Dat betsjut dat ferkear rjochting de Ofslútdyk der wer lâns kin. De dyk rekke blokkearre doe't oan it begjin fan de middei in frachtauto mei jirpels kantele. De jirpels bedarren dêrby op alle rydstroken.

De jirpels binne yntusken opromme. De frachtauto sels moat noch fuorthelle wurde. Boppedat moat de dyk skjinmakke wurde, omdat der oalje op leit. Dat betsjut dat ferkear rjochting Harns der foarearst noch net lâns kin. Dat ferkear wurdt omlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)