Gjin krimpbelied út Den Haach

14 okt 2013 - 17:30

Krimpbeleid is maatwurk. Net Den Haach moat sizze hoe't de problemen oanpakt wurde moatte, mar de belutsen regio's moatte dat sels oanjaan. Dat sei minister Blok fan wenjen moandeitemiddei yn Kollum nei ôfrin fan syn wurkbesite oan Noardeast-Fryslân.

Blok reizge troch it gebiet yn in bus, prate ûnderweis mei bestjoerders en ûndernimmers en kuiere troch de doarpsfernijing fan Kollum. By dy doarpsfernijing wurde - fanwege de ferwachte krimp - mear wenten sloopt as nijboud.

Dat Blok krekt yn Noardeast-Fryslân wie is gjin tafal, want op inisjatyf fan Noardeast-Fryslân hawwe 16 saneamde 'antisipear-regio's' yn Nederlân no geregeld oerlis oer hoe't krimpproblemen it bêste foarkommen wurde kinne. Blok hat wol wurdearring foar de oanpak fan Noardeast-Fryslân. Ekstra stipe foar Noardeast-Fryslân of oare krimpregio's hie Blok moandei net yn de oanbieding. Blok wie yn de regio om 'te harkjen' sa sei er. Hy wol no earst 'neitinke' oer alle ynformaasje dy't er krige. Wol sei hy ta dat er it oerlis mei de 'antisipear-regio's' trochsette sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)