Nije boartersguodbank yn Snits

14 okt 2013 - 16:39

De Fryske Boartersguodbank hat einliks in plakje. Nei moannen fan sykjen sitte se fan dizze wike ôf op in yndustrieterrein yn Snits. De boartersguodbank sit no njonken de Snitser Voedselbank. De boartersguodbank, offisjeel Speelgoedbank Friesland, sammelet boartersguod yn foar minsken dy't dat sels net betelje kinne. Faak giet it om deselde doelgroep as de Voedselbank.

Neffens de inisjatyfnimmers komt it dêrom goed út dat se no dit plak fûn hawwe, sadat de minima net twa kear hoege te riden. De Speelgoedbank giet sneon 26 oktober iepen.

De boartersguodbank sit neist de Voedselbank yn bedriuwssammelgebouw Top2A.

Trefwurden: 
Snits boartersguodbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)