Marretje Huisman al wike fuort

It is al mear as in wike lyn dat de 59-jierrige Marretje Huisman, de dochter fan skilder Jopie Huisman, ferdwûn is út Ljouwert sûnder in spoar achter te litten. Marretje wie fanút it Psychiatrysk sikehûs De Flinter mei wykeinferlof yn har eigen hûs yn Ljouwert, dêr't ek har freon wennet.
Snein 6 oktober om ûngefear acht oere moarns is se dêr fuort gong en dêrnei is der neat mear fan har heard. De plysje hat in opspoaringsberjocht útgean litten mar ûndernimt gjin aktive aksje om har te finen seit dochter Marretje Oldenburger.