Fêst wenje yn fakânsjehúskes

14 okt 2013 - 16:02

Minsken moatte permanint yn fakânsjehúskes wenje kinne. Dat fynt de belangenVereniging Vrij Wonen. Woansdei sille sy dêrfoar protestearje yn Den Haag. Al jierren is net dúdlik wat der dien wurde moat mei minsken dy't yn in fakânsjehúske wenje. Offisjeel is it net tastien om yn dêr te wenjen en bewenners rinne dêrom in risiko. De gemeenten beslisse no wat der mei de bewenners bart.

Vrij Wonen wol dat der lanlike regeljouwing komt. De gemeente Eaststellingwerf is net foar it permanint wenjen yn rekraarsjehúskes, dy binne foar de toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)