Bysûndere fûgels yn Iselmar

See-earn
Der briede yn ferhâlding in hiel soad seldsume fûgels op de Fryske Iselmarkust. Dat docht bliken út in grutte telling fan It Fryske Gea, Steatsboskbehear en Sovon Vogelonderzoek. Dizze telling is yn 2012 dien en it is de earste kear dat der in totaaloersjoch is fan de hiele Fryske Iselmarkust.
Yn it 1000 bunder grutte gebiet binne 80 soarten fûgels fûn wêrfan der 20 tige seldsum binne lykas it burdmantsje en de reitdomp. De see-earn wurdt yn de Makkumerwaard ek geregeld sjoen, mar dy briedt der noch net.