Ekstra miljoenen nei ûnderwiis

14 okt 2013 - 12:48

De Fryske skoalbestjoeren kinne noch net oanjaan wat de ekstra miljoenen foar it ûnderwiis yn it begruttingsakkoart foar 2014 yn de praktyk krekt foar de skoallen betsjut. Neffens it akkoart fan kabinet, D66, ChristenUnie en SGP krijt it ûnderwiis struktureel 600 miljoen euro ekstra. Dat jild wurdt ferdield oer basis ûnderwiis, fuortset ûnderwiis en MBO. Proloog, de organisaasje fan 18 iepenbiere skoallen yn de gemeente Ljouwert hâldt der rekken mei dat it ekstra jild foar in part opgean sil oan priiskompinsaasje.

Ek liket de earder oankundige besuniging op konsjerzjes en klasse-assistinten net troch te gean. Proloog-direkteur Helder is dêr wol bliid mei, mar fynt it ek in bytsje in 'sigaar út eigen doas'.

Foar de lytse skoallen wurdt yn 2015 en 2016 twa kear 20 miljoen ekstra útlutsen om de kwaliteit te ferbetterjen. In opfallende maatregel, want steatssiktaris Dekker woe krekt ophâlde mei oanfoljende finansjele stipe foar lytse skoallen. Neffens bestjoerder Lieftink fan de katolike Bisskop Möllerstichting yn Snits, betsjut dizze maatregel noch net dat de lytse skoallen yn Fryslân feilich binne. Hy hat ferlet fan mear ynformaasje oer watfoar kant it ministearje krekt op wol mei de lytse skoallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)