AFUK-konferinsje oer it Frysk

De Afûk hâldt op 25 oktober in konferinsje oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Ferskate sprekkers jouwe har fisy op bygelyks krimp, de rol fan leararen en nije technologyske ûntwikkelings. Ien fan har is Janet Visser, de direkteur fan de Steve Jobskoalle.
De útkomsten fan it debat binne wichtich foar it takomstich belied fan ûnder oare de provinsje, gemeentebestjoeren en skoalbestjoeren.