It Flinterke Mantgum twatalich

© Omrop Fryslân
Bernedeiferbliuw 'It Flinterke' yn Mantgum is offisjeel twatalich. It krijt dêrfoar freed it sertifikaat oerlange. Ek it pjutteboartersplak en de basisskoalle fan Mantgum wurkje mei in meartalich belied.
It Flinterke wurket sûnt 2011 mei it twatalich belied. Dit is no yn 140 plakken yn Fryslân ynfierd. It Sintrum Frysktalige Berne-Opfang kent de sertifikaten ta.