Ljouwerter drankrider pakt

14 okt 2013 - 11:24
  • Plysje-embleem

De plysje hat sneintejûn yn it Drintse Ubbena in 22-jierrige man út Ljouwert en in Grinzer fan 24 jier oanholden. By de plysje wie in melding binnenkaam dat der in auto yn de sleat lei en dat ien fan de twa ynsittenden útnaaid wie. Yn de auto trof de plysje de Grinzer oan. Hy rûkte nei alkohol, mar ferklearre dat er net riden hie.

De Ljouwerter koe even letter oanholden wurde, hy hie ek dronken. De Ljouwerter sei dat ek hy net de bestjoerder wie en wegere mei te wurkjen oan in blaastest. Beide manlju sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)