Wedstriid om portret kening

14 okt 2013 - 11:18
  • Kening Willem-Alexander

De gemeente Eaststellingwerf ropt de ynwenners op om in skilderij te meitsjen fan Kening Willem Alexander. Alle portretten binne fan jannewaris ôf te sjen. Besikers fan de eksposysje meie stimme, it portret mei de measte stimmen wint de publykspriis.

In sjuery bepaalt hokker skilderij fan de Kening ek echt yn de riedseal komt te hingjen. Yn de sjuery sitte de portefeuillehâlders kultuer fan de ferskate fraksjes, ûnder lieding fan in kenner út de keunstwrâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)