Snitser fan de dyk helle

14 okt 2013 - 11:15

In 31-jierrige Snitser is sneintemiddei syn rydbewiis ôfnommen nei it riden ûnder ynfloed fan medisinen. Plysjes seagen yn Heech ferskate auto-ûnderdielen op 'e dyk lizzen. Se hiene it idee dat de eigner belutsen west hie by in oanriding. Doe't se him riden seagen, woene se him oanhâlde, mar de bestjoerder ried troch.

Oan de Skatting yn Heech sette er de auto oan de kant. De man makke in betize yndryk op de plysje. Hy hie neat fernommen fan de plysje en wist ek fan gjin oanriding.

De plysje hat it rydbewiis fan de Snitser yn beslach naam. Ek waard der in bloedproef by him ôfnaam en krige er proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)