Oerfal benzinepomp Frjentsjer

14 okt 2013 - 10:11

Texaco-tankstatsjon Bouwma oan de rûnwei fan Frjentsjer is sneintejûn oerfallen. Om goed njoggen oere kaam in wapene man it tankstatsjon binnen en hold in meiwurker ûnder skot. De ûnbekende man easke jild en naaide dernei út.

De plysje hat noch socht yn de omjouwing fan it tankstatsjon mar hat de oerfaller net mear fûn. Se roppe tsjûgen op om har te melden. De oerfal hat in flinke ympakt hân op de wurknimmers fan it tankstatsjon en de eigner hat derom ekstra maatregels naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)