Yvonne Nauta wint 3 kilometer

14 okt 2013 - 09:24
  • Yvonne Nauta

Reedrydster Yvonne Nauta fan Twellingea hat snein ferrast troch de 3000 meter te winnen op it toernoai om de IJsselcup. Se liet ûnder oare Elma de Vries fan De Haule achter har. Dat die se boppedat yn in nij baanrekôr fan 4.15,88. Elma de Vries waard úteinlik sechsde.

De Vries is krekt as Nauta al wis fan dielname oan it NK. By de manlju wist favoryt Jorrit Bergsma fan Aldeboarn de 5000 meter te winnen. Ek hy die dat yn in nij baanrekôr fan 6.32,37. Bob de Vries fan De Haule waard twadde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)