Bern mei neppistoalen op merke

Plysje-embleem © ANP
Op 'e merke yn De Westereen hat de plysje sneontemiddei trije neppistoalen yn beslach nommen. In jonkje hie him bedrige field, nei't er mei in baltsjepistoal besketten wie. Neffens de plysje binne de yn beslach nommen wapens net fan echt te ûnderskieden en dêrmei strafber. De bern dy't de pistoalen hienen, seinen dat se se wûn hienen op de merke. De plysje ûndersiket wa't de wapens as priis útjûn hat.