H'berger Catechismus yn Frysk

Yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer is sneon de nije Fryske oersetting fan de Heidelberger Catechismus presintearre. De kategismus is in learboek dat yn guon protestantske tsjerken brûkt wurdt. Dit learboek is bedoeld om tsjerkegongers te ûnderwizen yn it leauwen. Hjirby wurde faak fragen en antwurden by út de holle leard.
De Heidelberger Catechismus bestiet 450 jier, mar der wie noch gjin Fryske oersetting yn boekfoarm. De oersetting is makke troch de stifting Deputaten Fryske Earetsjinsten, om it Frysk yn tsjerke mear te befoarderjen.