Akkrumers bedriigje elkoar

De plysje hat sneontemiddei twa ynwenners fan Akkrum oanhâlden. De twa, fan 43 en 50 jier, binne buorlju fan mekoar op de Túntsjes. Se ha al langere tiid spul, mar dat rûn sneon folslein út de hân. De man fan 43 soe in mes pakt ha, de oar krige dêrop in izeren buis en soe de doar fan de buorman fernield ha. Beide buorlju ha oanjefte tsjin elkoar dien. De plysje ûndersiket de saak.