Derek wer twadde yn Wolvegea

Derek Buitenzorg, it hynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, is sneon foar de twadde kear op rige twadde wurden by in draverij op Wolvegea. Yn de einsprint moast Derek mei pikeur Arend de Wrede it ôflizze tsjin de talintfolle nijkommer L'amours Toujours mei toppikeur Hugo Langeweg Jr. Derek waard fan de kant of entûsjast oanmoedige, foaral troch in groep bern út Tsjalbert dy't spesjaal foar him nei de baan kaam wienen. Derek hat no fjouwer races rûn. Yn de earste beiden gong er yn de fout. Yn de lêste twa einige hy as twadde.
Mei it resultaat fan sneon fertsjinne Derek 350 euro.