Earste ferlies Aris

13 okt 2013 - 08:20

De Ljouwerter basketbalklup Aris is sneontejûn tsjin de earste ferliespartij oanrûn. Yn it Kealledykje wie Rotterdam Basketbal te sterk. Al wie de einútslach 98-97, it ferskil tusken de Rotterdammers en de Ljouwerters wie grutter as dy útslach tinke lit. Trije fan de fjouwer kwarten rûn Aris achter de feiten oan, en sa kaam Rotterdam sels op in foarsprong fan 23 punten. Earst yn it lêste kwart like Aris lânsside te kommen, mar ferlear toch noch mei ien punt ferskil. Topskoarder by Aris wie Stephen Lumpkins mei 29 punten.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)