ONS pakt fjirde oerwinning

12 okt 2013 - 16:56

ONS Boso Snits hat sneon thús mei 2-0 wûn fan Noordwijk. Op it Sudersportpark moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Martijn Roosenburg hie yn de 50e minút de 1-0 op 'e skoech, mar syn skot waard keard troch de keeper. Tjisse Kerkstra hie it fizier wol op skerp en sette de Snitsers yn de 59e minút op foarsprong. Mei noch tsien minuten op 'e klok krige Kerkstra de opleine kâns op de 2-0, mar hy fersomme te skoaren. Yn ekstra tiid soarge Roosenburg úteinlik foar de einstân en de fjirde oerwinning foar de Snitsers.

De ploech fan trainer Bert Hollander stiet mei 12 punten op it tsiende plak yn de topklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)