Berndsen: bliid mei akkoart

12 okt 2013 - 14:10

It Twadde-Keamerlid foar D66 Magda Berndsen fan Burdaard is tige te sprekken oer it begruttingsakkoart, dat freed sletten is. Foaral de 600 miljoen dy't foar ûnderwiis frijspile is, sjocht se as in saak dy't har partij binnenhelle hat. Folle minder te sprekken is Berndsen oer de besunigings op justysje. De 134 miljoen dy't it Iepenbier Ministearje ynleverje moat, fynt se ûnakseptabel. De besuniging kostet it Iepenbier Ministearje yn it Noarden sa'n 50 arbeidsplakken. De D66-er sil dêroer yn novimber wer oer yn debat mei de minister.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)