Besunigingsakkoart einliks rûn

11 okt 2013 - 22:14

Lang om let leit der dan einliks in akkoart oer de lanlike besunigings. Freedtejûn let kamen it kabinet en de opposysjepartijen D66, ChristenUnie en de SGP ta in oerienkomst. Takom jier giet der mear jild nei ûnderwiis. Ek komt der ekstra jild foar regionale wurkgelegenheid. Foar dat lêste punt wurdt 50 miljoen beskikber steld. Dêrtroch kinne de kazernes yn Assen en Ermelo iepen bliuwe, lykas de tbs-ynrjochting yn Veldzicht.

Foaral de Johan Willem Friso kazerne yn Assen is wichtich foar de wurkgelegenheid yn it noarden fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)