Serious Innovation yn Ljouwert

11 okt 2013 - 21:22

Fryske bedriuwen en organisaasjes dy't graach ynnovearje wolle, mar net krekt witte hoe, kinne sneon yn it Crystalic-gebou yn Ljouwert fergees advys krije. Gewoanwei betelje se dêr jild foar oan de adviseur. Dit kear wurdt de ûndernimmers frege om flink wat jild te stoarten oan de Serious Request aksje fan 3FM.

Ein desimber sille dj's fan de radiostjoerder yn it Glêzen Hûs yn Ljouwert jild ynsammelje foar projekten om bernestjerte troch diarree tsjin te gean.

Trefwurden: 
Ljouwert Serious Request
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)