Kramer wol pr yn Eindhoven

11 okt 2013 - 16:53

De maraton fan Eindhoven is snein yn meardere opsichten belangryk foar hurdrinster Mariska Kramer fan Drachten. Net allinnich stiet de Nederlânske titel op it spul, de maraton fan Eindhoven jildt ek as pleatsingswedstriid foar it EK takom jier yn Zürich. Boppedat wol Kramer har persoanlik rekôr ferbetterje. Dat stiet op dit stuit op 2 oeren 35 minuten en 46 tellen. Kramer rûn dy tiid yn Philadelphia, Amearika. Kramer hat alle fertrouwen yn it ferbetterjen fan har PR.

De foarm is goed. Koartlyn rûn Kramer har bêste tiid ea op de 10 kilometer en dat is in goeie graadmeter foar de maraton, sa seit de Drachtster hurdrinster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)