Scootmobyl stellen yn Snits
De plysje is op syk nei tsjûgen fan de stellerij fan in scootmobyl, ôfrûne moandeitejûn oan de Westhimstrjitte yn Snits. Dat barde tusken acht en healwei njoggenen. Letter dyselde jûn troffen aginten de scootmobyl oan op de Wetterpoarte. Om de dieders te finen is de plysje op syk nei tsjûgen. Dy kinne kontakt opnimme mei 0900 88 44.