Dongsilo tenei skjinspuitsje

11 okt 2013 - 14:55
  • De nije metoade fan skjinmeitsjen fan dongsilo's
  • De nije metoade fan skjinmeitsjen fan dongsilo's

De kontrolearjende ynstânsje foar it skjinmeitsjen fan dongsilo's hat grien ljocht jûn foar in nije wize fan skjinmeitsjen fan dongsilo's. By Wiuwert wie freed in test dêr't de Stigas by wie. Dêrby wurdt de silo mei in wetterspuit skjinmakke en hoege gjin minsken mear de silo yn.

De nije metoade is mei ûntwikkele troch it bedriuw Heeres Mix- en Pomptechnyk út Abbegea. Fan 't simmer kamen twa meiwurkers fan it bedriuw om by it ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea. Sy rekken nei alle gedachten út de tiid troch de giftige gassen yn de silo.

Sûnt it ûngelok is in soad diskusje ûntstien oer de feiligens fan it skjinmakwurk fan dongsilo's. Heeres hat besletten de meiwurkers net langer yn de silo wurkje te litten. Mei de nije metoade hoecht dat net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)