'Stek jild yn ynfrastruktuer'

11 okt 2013 - 12:55
  • De brêge oer de Skarsterrien

Belange-organisaasje Bouwend Nederland Noord ropt it ryk op de kommende jierren dochs te ynvestearjen yn ynfrastruktuer. Seker no't it lân stadichoan wer út de krisis komt, moatte spoarferbinings, diken en farrûtes oanpakt wurde. Allinnich dan kin de Noardlike ekonomy him wer herstelle.

De oprop fan Bouwend Nederland Noord komt no't it ryk besletten hat de kommende jierren gjin ekstra jild foar nije projekten út te lûken.

Projekten dy't al úteinset binne, lykas de N381, de dyk Drachten-Easterwâlde, de Heak om Ljouwert en de rotonde by De Jouwer, wurde wol ôfmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)