'Underwiis moat better'

11 okt 2013 - 12:10

De kwaliteit fan de Fryske basisskoallen moat better. Dêrom set de provinsje takom wike útein mei ir nij projekt 'Onderwijs21'. Dat giet út fan it idee dat ûnderwiisferbetterings út organisaasjes sels weikomme moatte.

Basisskoallelearkrêften leare hoe't praktykûndersyk dien wurde moat. De ûnderwizers dogge ûndersyk nei in tema dat op de eigen skoalle spilet. Dat kin wêze hoe't rekkentalinten yn groep 4 better ta harren rjocht komme kinne. Op in website sille de ûndersyksresultaten dield wurde mei oare skoallen.

Trefwurden: 
ûnderwiis basisskoallen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)