Ynteresse op Buchmesse

11 okt 2013 - 09:46
  • Belangstelling foar Fryske literatuer op Buchmesse
  • Literatuerkoördinator Alpita de Jong (l.) oan it wurk
  • Frysk yn de etalaazje op Buchmesse

Fryske boeken lûke op de Frankfurter Buchmesse de ynteresse fan bûtenlânske útjouwers. Dat seit letterkundige Alpita de Jong. Sy hat yn opdracht fan de provinsje en it Nederlands Letterenfonds tsien Fryske boeken útsocht foar de beurs dy't op 't heden holden wurdt. Doel is om de Fryske literatuer te eksportearjen troch bûtenlânske útjouwers te finen dy't in Frysk boek yn oersetting útjaan wolle.

It Frysk hat yn ferhâlding in lyts lêzerspublyk. Oersettings yn Dútsk of Ingelsk soene in grutte stimulâns wêze.

De Frankfurter Buchmesse is in ieuwenâlde en wrâldferneamde fakbeurs. It is mei 17 bunder oan útstallingsromte de grutste boekemerk fan de wrâld.

Boekhanneler Steven Sterk sei tongersdei yn it Omrop Fryslân-televyzjeprogramma Bynt dat er it ûnterjochte fynt dat in tsiental Fryske boeken subsidiearre wurdt troch de provinsje foar de Buchmesse. Hy tinkt dat, as in boek kommersjeel nijsgjirrich is, de merk der sels wol foar soargje sil dat der in oersetting komt. In groep Fryske skriuwers hie earder al beswier makke tsjin de seleksje. Se fine it in ferkearde kar. Der sitte ek in pear foaroarlochske boereromans by en dy binne, neffens harren, gjin fertsjintwurdiging fan de moderne Fryske literatuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)