Hantekens ûnder grien ferbûn

10 okt 2013 - 20:28

Tal fan Fryske bedriuwen, miljeuferienings, de oerheid en hegeskoalle Van Hall Larenstein hawwe tongersdeitemiddei har hantekening set ûnder de yntinsjeferklearring Groen Verbonden. Doel fan dizze ferklearring is om bedriuwslibben en ûnderwiis better gearwurkje te litten op it mêd fan duorsumens.

Wichtich ûnderdiel fan de ferklearring is it plan fan oanpak, sadat de gearwurking ek fuortendaliks hannen en fuotten krijt. Oer in jier sil besjoen wurde oft de doelstelling ek echt helle is.

De ferklearring waard ûndertekene op in sympoasium oer duorsumens yn de Harmonie yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)