Jongerein fernielt kluphûs

10 okt 2013 - 20:23

De jongerein op De Lemmer fernielt har eigen kluphûs. Op it klupgebou Sterrehús yn de Sterrebuert is graffity oanbrocht en al ferskate kearen is der besocht yn te brekken. Ek fernielt de jeugd de konteners dy't as opslach brûkt wurde. Yn it gebou wurde ûnder oare disko's en playbackshows organissearre foar bern en jongerein. De behearders binne de rie te'n ein en sjogge gjin oplossing foar de problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)