Nesbitt rydt wr, Leenstra pr

28 jan 2012 - 23:01

Christine Nesbitt, de grutte favoryt foar de wrâldtitel sprint, helle op de earste 1000 meter yn Calgary geweldich út. Mei 1.12.68 sette de Kanadese in pracht wrâldrekôr del. Op grutte ôfstân waard Marrit Leenstra moai twadde mei in foar har nije toptiid fan 1.14.16. Margot Boer waard tredde yn 1.14.37, ek in pr. Thijsje Oenema ried ek in pr mei 1.14.92, goed foar it achtste plak.

Nesbitt giet nei de earste dei oan de lieding, foar Jenny Wolf en Zhang Hong. Margot Boer is fjirde, Marrit Leenstra sânde en Thijsje Oenema tsiende.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)