Minister Blok yn NE-Fryslân

Minister Stef Blok fan Wenjen en Rykstsjinsten is kommende moandei op wurkbesite yn Noardeast-Fryslân. De regio lit sjen hoe't it ynspilet op de krimp. Foarsjennings lykas winkels, skoallen en sportklups binne hieltyd dreger yn stân te hâlden en der komme hieltyd mear leechsteande huzen.
Minister Blok sjocht ûnder oare yn de wyk Kollum-Súdeast. Dêr binne 62 wenningen sloopt en yn stee fan de foarnommen 68 nijbouwenningen, is der nei de bou fan 14 huzen neat mear by kaam.
Gefolch fan de krimp is de saneamde 'braindrain'. De jongerein lûkt fuort foar oplieding of wurk en komt faak net mear werom, hoe graach se dat yn guon gefallen ek wolle soene.