Nije pleatsen better ynpasse

10 okt 2013 - 14:46

It kolleezje fan deputearre steaten moat better tasjen op it ynpassen fan grutte agraryske gebouwen yn it Fryske lânskip. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP. It is de bedoeling dat der by de bou fan nije stâlen de 'Nije Pleats'-metoade brûkt wurdt. Dêrby moat foaroerlis mei boeren, saakkundigen en omwenners derfoar soargje dat bouplannen yn in letter stadium net fêstrinne op beswieren.

Neffens de FNP is it frijbliuwendheid troef mei de tapassing fan dizze metoade troch gemeenten en moat de provinsje se better achter de broek sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)