Skoalbern himmelje de wyk

De skoalbern sille Camminghabuorren himmelje. © ANP
Goed 250 skoalbern sille kommende woansdei de wyk Cammingabuorren yn Ljouwert skjinmeitsje. Dat dogge se yn oparbeidzjen mei de wykbewenners en oare frijwilligers. Se sille swalkôffal opromje, graffity fuorthelje en bygelyks bankjes himmelje.
De aksje is in inisjatyf fan de wyk sels en is organisearre yn gearwurking mei ûnder oare Omrin, WoonFriesland, Nivo Noord en de gemeente.